Trijetalige skoalle

Ûntwikkeltrajekt

Sterk op ’e praktyk rjochte

Foar basisskoallen yn Fryslân

Kwalitatyf meartalich ûnderwiis

Deze pagina delen:

Klik hier voor de Nederlandse tekst *


Kwalitatyf meartalich ûnderwiis mei ekstra omtinken foar Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Elke skoalle docht dat mei in eigen ynkleuring. 


Bern yn ‘e basisskoalleleeftiid kinne maklik meardere talen leare, sa docht bliken út ûndersyk. Fryslân is in unyk taallaboratoarium, dêr’t bern yn harren neiste omjouwing ûnderfining opdogge mei meartaligens. De meartalige omjouwing fan ‘e bern, makket harren ûntfanklik foar taal en meartaligens. De trijetalige skoalle spilet hjirre goed op yn. Ûndersyk nei de taalprestaasjes fan learlingen op sertifisearre trijetalige skoallen hat útwiisd dat dizze bern, yn ferliking mei leeftiidsgenoaten op in 2- of 1-talige skoalle, it goed goed dogge by de taalûnderdielen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk.

Adviseurs fan Cedin stypje skoallen op ûnderskate wizen by de ûntwikkeling ta in sertifisearre 3TS en by it oanhâldend bieden fan kwalitatyf goed trijetalich ûnderwiis. Hjirûnder sille wy wat fierder yngean op ‘e mearwearde fan in trijetalige skoalle, bgl. as it giet om it oanbod en de stipe dy’t Cedin dizze skoallen biedt.



In trijetalige skoalle ûnderskiedt him troch kwalitatyf goed trijetalich ûnderwiis (Nederlânsk, Frysk en Ingelsk) yn in meartalige kontekst. Dit betsjut dat de meartaligens fan alle bern posityf wurdearre, stimulearre en benut wurdt. Dêrneist wurket in trijetalige skoalle doelrjochte oan ‘e taalûntwikkeling Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Trijetalige skoallen biede de trije ferplichte skoalletalen oan as fak en as fier- en ynstruksjetaal by oare fakken en aktiviteiten. Trijetalige skoallen biede op dizze wize mear kânsen oan learlingen om de ûnderskate talen te ûntwikkeljen.

Learkrêften op in trijetalige skoalle tinke bewust nei oer de taalkar, de taaldoelen en hokker taaldidaktyk dêr it bêst by past. Se passe ûnder oaren CLIL (content and language integrated learning), immersion, translanguaging en peer-ynteraksje ta. Mei it tapassen fan in meartalige didaktyk sette de learkrêften bewust en konstruktyf yn op ‘e talen dy’t learlingen al of net behearskje.

Sa ûntwikkelje learlingen harren taalfeardigens yn ferskate talen.

Skoallen mei it karmerk 3TS biede taalûnderwiis dat foldocht oan ‘e kwaliteitskritearia foar trijetalich ûnderwiis. Dit stiet beskreaun yn it kwaliteitsramt 3TS. Dizze kwaliteitskritearia komme, sa’t dit wenst is by ûnderskate ûnderwiiskonsepten, boppe-op de reguliere ferantwurdlikheden. Tink hjirby bgl. oan vvto (vroeg vreemde talen onderwijs), de Gezonde School en de Veilige School.

De kwaliteitskritearia foarmje in ramt. Skoallen kinne sels oanjaan op hokker wize hja ynfolling jouwe oan dizze kritearia.

It kwaliteitsramt 3TS bestiet út de folgjende kwaliteitskritearia:


Skoalnivo

  • De skoalle hat har fisy op trijetalich ûnderwiis en ynternasjonalisearring beskreaun;
  • De skoalle hat it meartalich belied fêstlein yn in yntegraal taalbeliedsplan/boargingsdokumint
  • De skoalle fiert in aktyf oanname- en skoallingsbelied oangeande trijetaligens yn in meartalige kontekst en hat dit fêstlein yn it IPB fan ‘e skoalle;
  • De skoalle foldocht oan ‘e vvto standertbetingsten fan EP-Nuffic;
  • De skoalle biedt in meartalige en taalrike learomjouwing;
  • De skoalle presintearret him as trijetalige skoalle (webside, nijsbrieven, sichtberens yn en om it skoalgebou hinne
  • De skoalle wurket yn alle groepen neffens learlinen foar Nederlânsk, Frysk en Ingelsk;
  • De skoalle stelt nei te stribjen doelen op dy’t oanslute by de learlingpopulaasje
  • De skoalle brûkt Frysk- en Ingelsktalige boarnen en (metoade-)materialen by Frysk en Ingelsk as fak en as fiertaal by oare aktiviteiten;
  • De skoalle folget de learûntwikkeling fan ‘e learlingen by Nederlânsk, Frysk en Ingelsk;
  • De skoalle slút groep 8 ôf mei it Frysk skoaleksamen B, of mei rrF-relatearre Griptoetsen
  • foar Ingelsk mei in eineksamen/eintoets Ingelsk (ERK-relatearre) ynklusyf “speaking skills”;
  • Troch de hiele skoalperioade hinne hat elke learling meidien oan in bepaalde ynternasjonale aktiviteit.
  • De trijetalige skoalle is staazjeskoalle foar trijetalige PABO-studinten en begeliedt/stimulearret studinten yn it jaan fan meartalich ûnderwiis.


Learkrêftfeardichheden

  • De learkrêft dy’t ûnderwiis jout yn it Frysk en Ingelsk is hjiryn betûft (behearskingsnivo B2);
  • De learkrêft dy’t ûnderwiis fersoarget yn it Frysk, hat hjirfoar it foech helle (Foech Frysk) of is hjirmei dwaande;
  • De learkrêft past ûnderskate foarmen fan meartalige didaktyk ta en brûkt aktivearjende wurkfoarmen;
  • De learkrêft is konsekwint yn it brûken fan ‘e talen en past op deskundige wize syn/har didaktyske kennis ta om talen mei-inoar te ferbinen.


Tiidsbesteging

  • De learlingen krije yn ‘e ûnderbou (gr. 1 en 2) minimaal 4 oeren Frysk en minimaal 1 oere Ingelsk yn’e wike. Dit kin as fak en as fiertaal/doeltaal by oare fakken en aktiviteiten;
  • Fanôf groep 3 krije de learlingen minimaal 3 oeren Frysk en minimaal 1 oere Ingelsk yn ‘e wike. Dit kin as fak en as fiertaal/doeltaal by oare fakken en aktiviteiten.


Is jim skoalle fan doel om it meartalich ûnderwiis te fersterkjen troch mear omtinken te jaan oan Frysk en Ingelsk? Soe jim skoalle bgl. beide talen oanbiede wolle as fak en as fier-/ doeltaal by oare fakken? Liket it jimme wat ta om mei te dwaan oan in ynternasjonalisearringsprojekt?

Dan is trijetalich ûnderwiis faaks wat foar jim skoalle. By de ûntwikkeling ta trijetalige skoalle krije jimme stipe fan ûnderwiisadviseurs fan Cedin. Nim hjirfoar kontakt op mei ien fan ‘e adviseurs foar in ferkennend petear.

Sjoch hjirfoar ek by: ‘Hokker stipe biedt Cedin foar 3TS?’

It ûntwikkeltrajekt 3TS duorret maksimaal twa jier. Hoe lang en yntinsyf it ûntwikkelproses is, hinget ôf fan ‘e begjinsituaasje. Skoallen dy’t al in soad dogge oan Frysk en Ingelsk, sille earder ta wêze oan sertifisearring.

It ûntwikkeltrajekt 3TS bestiet út ‘e folgjende stappen:


Stap 1: Begjinsituaasje yn kaart bringe

De ymplemintaasje fan trijetalich ûnderwiis begjint by it yn kaart bringen fan ‘e hjoeddeistige situaasje. Meastentiids is der al mear of minder sprake fan in trijetalige situaasje. De ymplemintaasje fan 3TS slút hjirre op oan en bout hjirre dan op fierder

It sirkulêre spinnereach (Van de Akker, 2003) en it kwaliteitsramt fan 3TS binne útgongspunten foar dizze analyze. Yn it sirkulêre spinnereach steane alle ûnderdielen dy’t in rol spylje yn it opbouwen fan in effektyf ûnderwiisprogram.

Fanút dizze analyze wurdt in skoalspesifyk ymplemintaasjeplan opsteld. De ûntwikkelstappen yn dit plan kinne te krijen hawwe mei it oanskaffen en brûke sillen fan spesifike learmiddels, it trenen fan learkrêften yn ferskate taaldidaktiken, in yndividuele of teambrede taalkursus Ingelsk of it dielnimmen oan ‘e kursus Klasse Frysk! Elke skoalle is frij yn it fierder ynfoljen fan 3TS, as it past binnen it kwaliteitsramt.

Tige wichtich útgongspunt is dat it team in fisy hat op trijetalich ûnderwiis. Fierdere besluten oangeande metoaden, boarnen en materialen, tiidsynvestearring, learkrêftfeardichheden, útstreamnivo’s en monitoaring hawwe streekrjocht te krijen mei dizze fisy. In dúdlike fisy makket in effektive kar mooglik foar in program fan trijetalich ûnderwiis.


Stap 2: Profesjonalisearring

Yn dizze stap wurket de skoalle oan it foarmjaan en útwreidzjen fan it program foar trijetalich ûnderwiis.

Yn dizze stap fynt ek de profesjonalisearring plak fan it team. De ynhâld fan ‘e profesjonalisearring kin foar elk team wer oars wêze. It hinget ôf fan ‘e kennis en de feardichheden dy’t oanwêzich binne en de ambysjes fan it team oangeande trijetalich ûnderwiis, sa’t dy yn stap 1 formulearre binne.


Stap 3: Tuskenevaluaasje en feedback

Yn dizze stap evaluearje de direkteur en de taalkoördinator, yn ‘e mande mei de 3TS-adviseur fan Cedin, de fuortgong yn ‘e ûntwikkeling en de ymplemintaasje fan it program foar trijetalich ûnderwiis. Dizze tuskenevaluaasje kin ek bestean út groepsbesites of in teamgearkomste. Foar dizze stap binne sels-evaluaasjeformulieren en observaasje-ynstruminten beskikber. De evaluaasje leveret ynsjoch yn ‘e ûntwikkelpunten dy’t yn stap 4 noch oppakt wurde moatte.


Stap 4: Belied en boarging

Yn dizze stap wurdt fierder wurke oan ‘e ymplemintaasje fan it program foar trijetalich ûnderwiis en it boargjen dêrfan yn it belied fan ‘e skoalle. De 3TS-adviseur stipet de skoalle hjirby, fersoarget oanfoljende bystúdzje en jout stipe by it tsjekken fan ‘e kwaliteit op ûnderdielen, troch bygelyks it dwaan fan lesobservaasjes.


Stap 5: Fisitaasje en sertifisearring

It ûntwikkelingstrajekt liedt ta in fisitaasje. Hjiroan foarôf giet altiten in proef-fisitaasje (audit) troch de 3TS-adviseur yn oparbeidzjen mei de direkteur en/of de taalkoördinator. De skoalle kin dan op basis fan ‘e feedback út dizze proef-fisitaasje de kwaliteit fan it program noch fierder oanskerpje, foardat de úteinlike fisitaasje plakfynt. In fisitaasjekommisje fan minimaal twa persoanen fiert de fisitaasje út. De fisitatoaren hawwe in direkte relaasje mei it ûnderwiis en oantoanbere kennis fan meartalich ûnderwiis. Se brûke in wiidweidich fisitaasjeformulier. De skoalle krijt in fisitaasjerapport en by in positive útslach, it karmerk 3TS.


Stap 6: Trochûntwikkeling en wer-sertifisearring

Ûnderwiis is dynamysk. Demografyske ûntjouwingen kinne liede ta feroaring yn ‘e learlingpopulaasje en ek it team hat te krijen mei wikselingen. It boargjen fan karren en ôfspraken dy’t makke binne is wichtich om stabiliteit fan in trijetalige oanpak te garandearjen. It taalbeliedsplan is hjirfoar in gaadlik kwaliteitsynstrumint.

Skoallen hawwe yn ‘e rin fan ‘e jierren ek te krijen mei ûnderwiiskundige/ynhâldlike feroarings en nije ynsichten. De útdaging is om dizze feroarings stâl te jaan op in wize dy’t past binnen it kwaliteitsramt 3TS.

As in skoalle ienris it sertifikaat helle hat, betsjut dit dus net dat de skoalle it trijetalich ûnderwiis altiten op ‘e selde wize útfiere moat. Meibewege en meiûntwikkelje op ‘e dynamyk fan it ûnderwiis is nammers wichtich om de kwaliteit fêst te hâlden. Om yn dizze dynamyske situaasje de kwaliteit te garandearjen, wurdt de skoalle op fêste tiden ek wer-sertifisearre.

Adviseurs fan Cedin stypje skoallen op ferskate wizen by de ûntwikkeling ta sertifisearre 3TS en it oanhâldend oanbieden fan kwalitatyf meartalich ûnderwiis. Hoe’t soks bart kinst hjirûnder lêze:


1 - It netwurk 3TS.

As skoalle makkest diel út fan Netwurk 3TS. It netwurk bestiet út skoallen, dy’t har oan it ûntwikkeljen binne nei in 3TS ta en skoallen dy’t al sertifisearre binne. Yn dit netwurk fynt útwikseling plak fan ideeën en mooglikheden: elkoar ynspirearje en helpe! Cedin organisearret twaris jiers in netwurk- of skoallingsgearkomste, dêr’t aktuele tema’s en wurkwizen presintearre en oan 3TS keppele wurde. Te tinken falt oan it foarmjaan fan tematysk ûnderwiis, spesifike fakdidaktiken lykas Close Reading en omtinken foar meartaligens as stipe by it learen fan Frysk en Ingelsk.


2 - De Cedin Akademy.

Teamleden fan ‘e skoallen yn Netwurk 3TS krije tagong ta de Cedin Akademy, in online omjouwing mei eftergrûnynformaasje, tools en formats û.o. foar taal-/3TS-belied en ynspirearjende filmkes en ynstruksjes. De Cedin Academy is op elk momint tagonklik foar dielnimmers. Ynformaasje út wurkwinkels, webinars of netwurken binne hjirre ek werom te finen. Op dizze wize kinne direkteuren en taalkoördinatoaren, mar ek learkrêften dizze ynformaasje op elk brûke en tapasse yn it team of yn ‘e klasse.


3 - Advyspetearen mei de adviseur fan Cedin.

De direkteur, taalkoördinator en de 3TS-adviseur fan Cedin hawwe regelmjittich oerlis oer it ferrin en de fuortgong fan ‘e ymplemintaasje. Synjalearre drompels en hiaten wurde bepraat en mooglike oplossings socht. De 3TS-adviseur kin praktyske advizen jaan en feedback op it 3TS-taalbelied.


4 - Skoalbegelieding en kursussen.

Fanút de analyze (stap 1) wei, mar ek fanút (sels)evaluaasje kinne winsken nei foaren komme bgl. op it mêd fan bystúdzje. 3TS-skoallen kinne teamskoalling krije om in ympuls te jaan oan it ymplemintearjen fan it trijetalich programma. Dêrnjonken kinne yndividuele learkrêften, mar ek hiele teams wurkje oan harren eigen taalfeardigens Frysk of Ingelsk, troch bygelyks it folgjen fan in kursus. De kursus Classroom English wurdt oanbean troch NHL-Stenden en de kursus Klasse Frysk! troch NHL-Stenden yn gearwurking mei Cedin.

Alle skoallen dy’t har ûntwikkelje wolle ta 3TS krije de begelieding en de skoalling op it mêd fan Frysk fergees oanbean. De Provinsje Fryslân hat hjirfoar finansjele middels beskikber steld. Ek foar it folgjen fan in taalkursus Ingelsk kin de skoalle subsydzje oanfreegje. De adviseur fan Cedin kin de skoalle helpe by de oanfraach.


Oanmelde

Oanmelde foar it begeliedingstrajekt 3TS kin troch kontakt op te nimmen mei ien fan ús adviseurs of lit dyn gegevens achter fia ûndersteande link.

Adviseurs

Hasto fragen oer it begeliedingstrajekt 3TS of bist benijd oft dit by dy/dyn team past? Nim dan kontakt op mei ien fan ús adviseurs of freegje in advyspetear oan.


Vraag trainingsadvies aan