Klasse Frysk

Training

Sterk praktijkgericht

Voor basisscholen én middelbare scholen in Fryslân

Kwalitatief meertalig onderwijs

Deze pagina delen:

Wolsto dyn Fryske lessen nei in heger plan tille of wolle jim as skoalle oan jim ambysjes wurkje foar 2030? Jou dy dan no op foar ‘Klasse Frysk’! Yn 8 ynspirearjende lessen learsto alles watst nedich hast om dyn lessen WOW te meitsjen. De byskoalling is megapraktysk en tige nijsgjirrich foar dyn persoanlike ûntwikkeling. Boppedat learst yn in betsjuttingsfolle setting tagelyk ek Frysk praten en/of skriuwen.


De basis

De basis bestiet út 8 WOW-shops. De lessen wurde jûn troch Bert van der Lijn en Anna Marije Bloem, twa dosinten dy’t bekend steane om harren entûsjaste wize fan lesjaan. Sy nimme dy mei yn de wûndere wrâld fan taal. Sels boust oan in portfolio mei lessen op maat dy’tst direkt tapasse kinst yn dyn praktyk en geskikt binne foar dy en dyn skoalle.


It foech basisûnderwiis

Foar de juffen en masters: Ast oan boppesteande basis noch 4 lessen fêstplakst, dan kinsto it foech Frysk foar it basisûnderwiis helje. Yn dy lêste fjouwer lessen fan Liskje Flapper follest dyn tontsje mei de lêste eleminten foar dyn offisjele papierke. Hiel fijn foar dysels en foar dyn skoalle!


Trochstream dosinteoplieding fuortset ûnderwiis

Mar ek foar de dosinten fuortset ûnderwiis dy’t noch net de dosinte-oplieding Frysk dien hawwe, binne der nei de basiskursus Klasse Frysk nijsgjirrige mooglikheden om fierder te studearjen. Babs Gezelle Meerburg fan NHL Stenden Hegeskoalle fertelt dy der graach mear oer.



Do kinst dy oanmelde foar de iepen ynskriuwing, dy lessen binne te folgjen op NHL Stenden. Wy wurkje mei mikste groepen learkrêften út alle ûnderwiislagen. Twa kear yn it jier biede wy ek in koepel de mooglikheid om de kursus op lokaasje oan te freegjen. Klasse Frysk sil dan net op NHL Stenden plakfine, mar op in skoalle of in sintrale lokaasje fan de koepel. 


  • ‘De cursus Klasse Frysk is een aanrader, omdat het inspiratie geeft en tegelijkertijd enorm motiveert.’
  • ‘Nei ôfrin sit dyn rêchtas fol mei hânfetten om it Frysk op dyn skoalle better foarm te jaan.’ 
  • ‘Learsume, blikferromjende, ynspirearjende kursus en dat op in ûntspannen en ôfwikseljende wize!’ 
  • ‘Elkenien wurdt entûsjast oer it Frysk troch dizze kursus!’ 


Inschrijven

Op ûndersteande webside fynst mear ynformaasje oer data, tiid, lokaasje en oanmelde: Direkt nei de site. No opjaan foar de iepen ynskriuwing? Stjoer in mail oan r.blokzijl@nhlstenden.com No opjaan as koepel? Stjoer in mail oan b.vanderlijn@cedin.nl

Adviseurs

Bert van der Lijn

Onderwijsadviseur Frysk en Meartaligens
06 577 383 83Meer weten over Bert van der Lijn?